Museum Princessehof komt mei fotowedstriid oer Lennon en Ono

25 mrt 2016 - 18:20

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert organisearret in fotowedstriid oer John Lennon en Yoko Ono. It is freed 47 jier lyn dat it koppel in saneamde Bed-In organisearre yn it Hilton Hotel yn Amsterdam. By dizze gelegenheid waard de ikoanyske foto naam, dêr't se tegearre yn bêd lizze. Se fregen mei dizze aksje omtinken foar wrâldfrede. It museum jout omtinken oan it momint mei in fotowedstriid.

It museum nûget elkenien út om sels in foto te meitsjen fan in Bed-In en dizze op te stjoeren.

Neffens de organisaasje fan it museum is de foto útgroeid ta ien fan de bekendste bylden fan de tweintichste iuw. Dizze iuw stiet sintraal yn de nijste keramykútstalling fan it museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)