Omrop TIP: Hoeder ferlit kudde

© Omrop Fryslân
Dûmny Liuwe Westra fan Lollum sil de wittenskip yn. Takom wike snein hâldt er syn ôfskiedstsjinst en dêrnei sil er oan 'e slach by de Faculteit Katholieke Theologie in Utrecht. Achttjin jier wie hy de dûmny fan Burchwert, Hartwert, Hichtum, Lollum en Waaksens, dêr't er opfoel om syn bysûndere oanpak, syn Frysksinnichheid en syn grutte belutsenheid by de jongerein.
Buro de Vries siet mei in soad fragen. Soe der syn nocht ha? Is hy syn pastorale ropping kwyt? Wat moat in protestantske dûmny op in Roomske fakulteit? We sprutsen earst mar ris ôf op in sneintemoarn yn de tsjerke fan Burchwert. Dêr hold er -útdage troch syn kategisanten- in tsjinst fan maksimaal in healoere.
Harkje snein 27 maart nei Buro de Vries fan 11.00 oant 13.00 oere op Omrop Fryslân radio.