Amelanner rêdingsboat net yn it wetter troch sike hynders

25 mrt 2016 - 16:41

De demonstraasje mei de hynsterêdingsboat op It Amelân giet sneon net troch. Ien fan de hynders hat hommels in firus krigen. Om't in oantal oare hynders foal binne, wol de organisaasje yn ferbân mei besmetting gjin risiko's nimme. It firus is net slim, sa seit in wurdfierder.

De folgjende demonstraasje giet wol gewoan troch en stiet pland foar tiisdei 3 maaie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)