Earste maatregels fan Omrin foar REC wurde test

25 mrt 2016 - 16:00

Der sil test wurde hoefolle dioksine der út de ôffaloven yn Harns komt, as de oven net fia de kontroversjele bypass, mar fia it doekefilter opstart wurdt. Begjin april leit de oven trije wike stil foar ûnderhâld. De oven wurdt by it op 'e nij opstarten dan skjin blaasd. Dêrby wurdt it doekefilter, dy't stoffen filteret, oant no ta net brûkt. Saakkundige Vollenbroek hat hjir grutte krityk op, omdat er dan neffens him dioksine en oare gefaarlike stoffen ûnfiltere yn de omjouwing terjochte komme.

Der sil no test wurde hoe't dat giet as it doekefilter wol brûkt wurdt en dat sil dan ek metten wurde, sa seit deputearre Michiel Schrier. 

"Storend en onbegrijpelijk"

Op 18 maart hat der in steuring west by REC. Lang om let kaam nei bûten dat der in gasflesse, dy't tusken it ôffal siet, ûntploft wie. Earst waard der sein dat der in steuring yn de tsjettel wie wêrtroch de apparatuer om de dioksine te mjitten útfoel. Letter waard sein dat it troch in wiksel fan cartridges, dy't de dioksinemeunsters opslacht, kaam. Schrier neamt de kommunikaasje "storend en onbegrijpelijk". Hy hat de direksje hjir ek op oansprutsen. Omrin lit witte dat it harren spyt dat der betizing ûntstien is troch de berjochtjouwing fan Omrin op 18 maart.

''Actiever communiceren''

"Als Omrin willen wij tegemoet komen aan de wens van diverse partijen om pro-actief informatie te verstrekken over de REC, en daarom hebben wij besloten actiever over de REC te communiceren als er storingen en incidenten zijn'', sa seit direkteur Vernooij. ''Om die reden hebben wij vrijdagochtend 18 maart 2016 een bericht gepubliceerd over de uitval van de dioxinemeter en de mogelijke oorzaak. Op zaterdag 19 maart 2016 is de informatie op de website aangepast en dit heeft helaas tot verwarring geleid. Wij betreuren dit zeer en zetten graag de feiten op een rij." Op de kommunikaasje fan Omrin is fan Harns út al jierren grutte krityk.  

Oanpak

De provinsje, Omrin, de gemeente, Fumo en saakkundigen prate mei-inoar oer in plan fan oanpak. Dit nei oanlieding fan de grutte steuring oktober ferline jier. Ek wurdt der bepraat wat der op lange termyn oanpast en ferbettere wurde kin. Sa wurdt de miljeufergunning ek hielendal trochljochte om te sjen oft dy foldocht oan de nijste regels en wetten.

Trefwurden: 
REC Harns Omrin ôffaloven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)