Hûndert deade lammen en skiep fûn by pleats yn Aldlemmer

Op in pleats by Aldlemmer binne hûndert deade lammen en skiep fûn. De kadavers leinen yn in stâl, op it hiem en yn in greide. Der wie ek in keppel fan fiifhûndert noch libjende skiep. Dy binne earne oars ûnderbrocht. Dêr wurde se fersoarge en krije se ek medyske soarch. De offisier fan justysje sil de boer strafrjochtlik oanpakke.
De pleats yn Aldlemmer wie al in skoft by de NVWA ûnder de oandacht. Minsken út de omjouwing fan it bedriuw hiene ek sinjalearre dat it net goed gong en hawwe dêr melding fan dien. Foar hoe't it sa út de hân rinne koe hat de NVWA noch net in ferklearring. Wurdfierder Benno Bruggink: "Op dit individuele geval kan ik niet ingaan, maar geen enkele boer verwaarloost zijn dieren met opzet."