Omrop TIP: Omrop Fryslân siket finylleafhawwers

28 mrt 2016 - 07:41

It begjint sa stadichoan tradysje te wurden, op peaskemoandei komme finylleafhawwers del mei harren favorite platen yn de studio fan Omrop Fryslân. Foarich jier wie it in grut sukses, tsientallen minsken kamen del mei platen. Ek dit jier sit presintator Geert van Tuinen wer klear om nostalgyske platen te draaien. Elkenien dy’t noch âlde LP’s op ‘e souder hat, is moandei 28 maart fan 13.00 oant 18.00 oere fan herte wolkom by Omrop Fryslân.

Alles is wolkom

De Gouden finylmiddei stiet folslein yn it ramt fan muzyk út de jierren 60, 70 en 80. Presintator Geert van Tuinen draait finylplaten dy’t troch de ynwenners fan Fryslân brocht wurde. Oft it no jazz is, blues of rock: alles is wolkom.

Geert van Tuinen ûntfangt ûnder oaren Martin van der Velde, âld-diskjockey fan bekende diskoteken lykas La Bella en Vat ’69 yn Ljouwert en Montybar yn Berltsum. Fansels nimme sy beide har âlde singletsjes mei.

De Gouden finylmiddei

De Gouden finylmiddei is fan 13.00 oant 18.00 oere live te folgjen op Omrop Fryslân Telefyzje, Radio en de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)