Sikke Marinus stapt op as foarsitter fan Opsterlands Belang

Sikke Marinus, riedslid Opsterlâns Belang © Opsterlands Belang
Sikke Marinus stapt fuortendaliks op as foarsitter fan Opsterlands Belang. Dat makke er bekend yn de bestjoersgearkomste fan de partij. Woansdei joech er noch oan dat er erkende dat er him skuldich makke hie oan belangeferfrisseling, mar dat er gjin spyt hie fan wat er dien hie.
Marinus besocht as riedslid de wethâlder en amtners entûsjast te krijen foar it bedriuw Springth, dêr't syn frou eigener fan is. De gemeente is mei dat bedriuw yn see gien om minsken mei in útkearing wer oan it wurk te helpen.
Neffens Marinus hat er hjir sels gjin finansjeel foardiel fan hân. De gemeenteried fan Opsterlân praat nije wike tiisdei oer it rapport dat it buro Berenschot yn opdracht fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders makke hat oer de affêre. Dat rapport is net allinnich kritysk oer de rol fan Marinus, mar ek kritysk oer de rol fan wethâlder Kooistra.