Automobilist rydt swalkbaarch fan Drints-Fryske Wold dea

It barchje dat foarich jier dumpt waard yn de heide yn it Drints-Fryske Wold, is tiisdei dea fûn. Minsken lieten de baarch yn april 2015 as bigge los. Se swalke it ôfrûne jier troch de bosken. De bigge wie eartiids te wyld om te fangen. De lêste tiid waard de baarch hieltyd nueter en like de fangst fan it bist mooglik te wurden.
Foarige wike waard der melding makke fan skiep dy't oanfallen wiene troch de baarch. Wierskynlik wie de baarch bearich en koe se gjin partner fine, wêrtroch de skiep slachtoffer waarden.
Hjirtroch sette Steatsboskbehear yn sân haasten in fangaksje op tou. De baarch gie lykwols hommels dea. Nei alle gedachten hat in auto it bist oanriden.
Neffens boskwachter Lysander van Oosanen wurde der hiel faak bisten dumpt yn bosken. Faaks rint it net goed mei se ôf.