Tekoart oan sûker: Fryske boeren kinne profitearje

24 mrt 2016 - 19:15
  • Sûkerbiten

It tekoart oan sûker is in posityf sinjaal foar Fryske boeren. De sûkerpriis giet omheech troch drûchte yn Súdeast-Azië en wiete gebieten yn Brazilië. Lannen as Sina, Yndia en Tailân produsearje dêrtroch folle minder sûker. Merkburo's skatte yn dat dit seizoen oant 8 miljoen ton minder sûker produsearre wurdt.

Foar Fryske boeren is de klimmende sûkerpriis júst in reden om sûkerbyt te ferbouwen. Dochs kinne Fryske boeren net fuortendaliks wat dwaan oan it sûkertekoart. Oant ein dit jier leit der noch in kwotum op de sûkerproduksje.

Dêrneist is it pas oantreklik om sûker te ferbouwen as ien ton sûkerbiten €40,- of mear opleveret. De ferwachting fan LTO-Noard is dat der yn Fryslân ein 2017 in soad mear sûkerbyt ferboud wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)