Pieter Weening sterk yn Katalonië

24 mrt 2016 - 17:31

Pieter Weening hat him yn de keninginnerit fan de Ronde fan Katalonië geweldich sjen litten. Yn de fjirde etappe, in berchetappe oer 172 kilometer, siet de Harkyt al betiid yn de ûntsnapping fan de dei mei in kopgroep fan tsien man. Dy koproep foel útelkoar.

Yn de finale sprong Weening nei de twa koprinners Thomas de Gendt en Imanol Erviti. It wie 'derop en deroer' en sa like Weening de oerwinning te pakken. Twa kilometer foar de ein fan de lange klim kaam De Gendt sterk werom en wûn yn de snie fan Port Ainé. Weening waard úteinlik sechsde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)