Wurksykjenden ferrasse bedriuwen mei blommen

24 mrt 2016 - 16:46

Wurksykjenden út Achtkarpelen en Tytsjerksteradiel hawwe tongersdeitemiddei sûnder oankundiging blommen oanbean by in oantal bedriuwen. Se diene dit mei in wurkjouwersteam en twa wethâlders. Dizze aksje moast derfoar soargje dat wurksykjenden harrensels posityf ûnder de oandacht bringe.

Neffens wethâlder Houkje Rijpstra fan Tytsjerksteradiel wiene de bedriuwen sichtber ferrast. As tarieding krigen de dielnimmers in workshop 'Elevator Pitch': se learden harsels yn 60 sekonden te presintearjen.

De reaksjes fan de bedriuwen wiene posityf: ien fan de dielnimmers mei by in bedriuw meirinne om wurkûnderfining op te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)