Minister: "Brûk jild út Waadfûns foar ferbreding slûs"

24 mrt 2016 - 15:26

Minister Schultz van Haegen fan Ynfrastruktuer en Miljeu hat der gjin beswier tsjin as jild út it Waadfûns brûkt wurdt foar de ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân. It foarstel dêrfoar komt fan de VVD-Twadde Keamerfraksje.

De provinsjes om de Iselmar hinne wolle graach dat de slûs nei 42 meter ferbrede wurdt. Mar it kabinet fynt dat se de ekstra kosten dêrfoar sels mar betelje moatte. Dat soe dus út it Waadfûns komme kinne, seit de VVD yn de keamer. GrienLinks is it dêr net mei iens.

Dy partij fynt dat it jild yn it Waadfûns brûkt wurde moat foar natuerprojekten. It jild yn it Waadfûns komt út de opbringsten fan de gaswinning yn it waadgebiet. De PvdA yn Fryslân is it ek net iens mei it VVD-foarstel. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)