Aksjekomitee nei Den Haag om opstapplakken learlingeferfier

24 mrt 2016 - 12:19

It Aksjekomitee Learlingeferfier De Fryske Marren sil aksjefiere yn Den Haag. De aksjegroep wol by it CDA omtinken freegje foar de opstapplakken foar bern dy't nei spesjaal ûnderwiis gean yn de gemeente De Fryske Marren. De opstapplakken binne neffens it komitee net feilich.

Se fine dat de ferantwurdlike CDA-wethâlder yn de gemeente net genôch docht oan de feilichheid. Dêrom lûke se no by de lanlike fraksje oan de belle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)