Ynternasjonale artysten op metalfestival Dokk'em Open Air

24 mrt 2016 - 10:54
  • Dokkum Open Air 2013

Metalfestival Dokk'em Open Air hat har line-up foar it haadpoadium hast kompleet. It festival hat koartlyn wer in oantal bands taheakke oan de list fan artysten dy't op 24 en 25 juny optrede sille. Under oare it Sweedske Entrails en it Nederlânske Izegrim hearre dêrby.

Insanity Alert út Eastenryk en Bliksem út België binne ek kontraktearre. De headliners fan dit jier binne ûnder oare DORO, Soilwork, Moonspell, Dragonforce en Testament. It programma fan it twadde poadium wurdt ynkoarten bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)