Ynbrekkers naaie út omdat bewenner wekker wurdt

24 mrt 2016 - 10:04
  • Argyffoto
  • It sintrum fan Ljouwert

Oan de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert is yn de nacht fan woansdei op tongersdei ynbrutsen yn in wenhûs. De dieders kamen moarns om tweintich foar fiven hinne troch de foardoar it hûs yn. Se hawwe ûnder oare in telefyzje meinaam.

De bewenner fan it hûs waard wekker fan it leven. Hjirop naaiden de ynbrekkers út. De plysje is no op syk nei twa manlju mei in tinte hûdskleur, yn donkere klean. Ien fan de manlju hie in bêzje broek oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)