Ferwerderadiel bûcht foar krityk fan bûtendykse boeren

24 mrt 2016 - 09:35

Boeren mei bûtendyks lân yn Ferwerderadiel binne it iens wurden mei de gemeente oer de wize wêrop't se har lân brûke meie. Alle waadgemeenten ha mei mekoar in saneamde behearsferoardening makke foar de kust. Dat is in soarte fan bestimmingsplan foar in gebiet dêr't gjin grutte feroarings te ferwachtsjen falle, lykas de komst fan grutte gebouwen.

De wize wêrop't it agrarysk gebrûk fan it bûtendykse lân yn dy feroardening beskreaun stie, wie de bûtendykse lâneigeners yn Ferwerderadiel hielendal net nei it sin.

Nei protesten is it agrarysk gebrûk fan it lân no better yn de feroardening setten en hat de gemeenteried fan Ferwerderadiel de oanpaste feroardening sûnder tsjinstimmen oannaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)