Der komme hieltyd mear bûtenlânske toeristen nei Fryslân

24 mrt 2016 - 08:57
  • Toeristen op boat nei Flylân

It oantal toeristen dat langere tiid yn Fryslân bliuwt is yn de ôfrûne fjouwer jier tanaam. Dat docht bliken út de ING Toerisme Index. De groei komt benammen troch bûtenlânske toeristen, sjoen it feit dat de binnenlânske toerismemerk eins te fol wurden is. Neffens it rapport rjochtsje de Fryske hotels harren hieltyd mear op bûtenlânske toeristen dy't Amsterdam besykje.

Goedkeaper
It oernachtsjen is goedkeaper yn Fryslân, en de haadstêd is mar in oerke riden fanút De Lemmer. Boppedat is Fryslân goed te kombinearjen mei Giethoorn, de Ofslútdyk en ferskate wrâlderfguodlokaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)