Kollum: "Radio GAGA"

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.
"Ik bin grut wurden mei de radio oan. Dat betocht ik earjuster doe’t ik oan it meanen wie. De boel moat der foar de peaske wol wat kreas by lizze, dus is de sitmeaner wer út de winterstalling helle. Wylst ik nei it slimme nijs út Brussel harke, dêr sille jim de ôfrûne dagen wol safolle oer heard ha dat ik dêr net folle oan taheakje hoech, betocht ik my dat ik yn myn libben hast al it grutte nijs as earste fia de radio trochkrigen ha. Foarwearde is dan wol dat je de radio oan dogge, mar dat is foar my alle moarns in rûtinegebaar. Klik, it nijs en it waarberjocht efkes hearre. En de kollums op Omrop Fryslân, fansels.
Der wie in tiid dat sport hast nea streekrjocht op TV kaam. Dan harken wy nei de ferslaggen by Langs de Lijn. Dat programma bestiet noch wol, mar no kinne je hast alles dat je folgje wolle, ek yn byldfoarm dwaan.
Wy libje yn in byldkultuer. Alles is te sjen. Eins is dat jammer, want in goed radioferslach is wol sa spannend. Mannen as Theo Koomen en de Belch Rik de Seadeleer koenen in strieminne fuotbalwedstriid omtoverje ta in potsje balskoppen dêr’t de fonken fanôf spatten. Krekt sa as Klaas Jansma in driuwpartij fan 14 skûtsjes ta in woeste silerij omprate koe. Yn in tiid dat de wedstriden gewoan sneons om healwei achten en sneins om healwei trijen begûnen, sis mar de tiid foardat jild wichtiger wie as de sport, wie it radioferslach de iennichste wize om alles te folgjen. As it my net mist wie der sa no en dan ek live iishockey op. Dat wie doe’t Frans Henrichs noch besocht de NOS der fan toe oertsjûgjen dat se in grutte mondiale sport dy’t hjir ek op goed nivo beoefene waard, links lizze liet en ynstee dêrfan foar in soad jild bylden út Noard Amerika ynfleach.
Der is neat feroare wat dat oanbelanget. De Hilversumske publike omrop fynt noch altyd alles dat fierwei komt folle ynteressanter dan de moaie dingen dy’t der op sportmêd yn eigen lân barre. Ik bin bang dat se oer tsien, fyftjin jier folslein ynhelle binne troch alles dat no noch yn de berneskuon stiet, mar jier op jier grutter wurdt. Ynternet. It is algemien bekend dat it meitsjen fan TV hartstikke djoer is. Mar as je wat om je hinne sjogge op it www, komme je in soad stjoerders tsjin dy’t allinnich mar op ynternet te sjen binne. It seizoen is foarby, dus is it gjin reklame mear, mar om in Frysk foarbyld te neamen: It wie in jier as wat lyn net te betinken dat alle thúswedstriden fan de iishockeyklup Flyers fan It Fean rjochtstreeks te sjen wêze soenen. Dochs is dat no online al twa jier it gefal op Flyers Live TV. Foar in jierliks budget dêr’t de ‘normale’ TV amper in dei as wat fan draaie kin.
De konfesjonele en frijwat konservative Hilversumske stjoerders sille hiel hurd in omslach yn tinken meitsje moatte, ik bin bang dat der yn folgjende kabinetten noch folle mear oan de jildkraan draaid wurde sil. Alles feroaret razendsnel, ek it medialânskip. Yn in petear dat ik in skoft lyn hie mei de haadredakteur fan de Omrop, die bliken dat dêr, hjir dus, al folop ynsetten wurde sil op alles dat online bart. Dat sil moatte. Ien fêst ankerpunt yn de media bliuwt yn dizze diskusje trouwens hast gelyk. En dat is it medium dêr’t jim no nei harkje. De radio. Dy bliuwt noch wol efkes. Lokkich mar. Ha ik wat om nei de lústerjen as ik op de sitmeaner oan it wurk bin."