Histoarysk beslút oer weryndieling NE-Fryslân

De gemeenterieden fan Kollumerlân, Dongeradiel en Ferwerderadiel ha woansdeitejûn grien ljocht jûn foar in fúzje ta ien gemeente mei yngong fan 2019. Formeel binne der noch mominten wêrop't sy dêr op werom komme kinne, mar yn de praktyk bart soks eins noait.
Dantumadiel hat oant no ta ek hieltyd meidien yn dizze weryndieling, mar nimt no pas nije wike in beslút oer in bestjoerlike fúzje. Amtlik wol dy gemeente wol fusearje. In bestjoerlik nee fan Dantumadiel kin de fúzje fan de oaren lykwols net mear keare.
De gemeenterieden fan Kollumerlân, Dongeradiel en Ferwerderadiel ha op oantrúnjen fan it CDA besletten dat sy dan mei syn trijen trochgean mei de weryndieling. Dantumadiel kin dan bestjoerlik ûnôfhinklik bliuwe; al sitte har amtners dan wol by dy iene nije gemeente.