Pier21 bringt Frysktalige ferzje fan DOEK!

23 mrt 2016 - 22:41
  • Tamara Schoppert

Pier21 bringt fan it hjerst de Frysktalige ferzje fan DOEK! mei Tamara Schoppert en Hilbert Dijkstra. Yn dizze komeedzje repetearje twa akteurs, Lies en Richard, nei 25 jier op 'e nij it toanielstik dêr't se earder triomfen mei fierd hawwe.

Yn 2011 gie DOEK! yn premjêre mei Peter Blok en Loes Luca. It stik wûn de Avro Toaniel Publykspriis. It is skreaun troch Maria Goos en oerset troch Gurbe Dijkstra. De premjêre fan de Fryske ferzje is 29 oktober 2016 yn teater Snits. Pier21 brocht earder ûnder oare it stik Feteranen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)