Basketballers fan Aris komme tekoart tsjin Leiden

23 mrt 2016 - 21:50

De basketballers fan Aris ha woansdeitejûn ferlern fan ZZ Leiden. Nei it earste kwart stie it 15-27. De druk fan Leiden wie grut. Nei it twadde kwart wie it 33-47. Aris hie muoite mei it agressive ferdigenjende spul, mar focht werom. Yn it tredde kwart wie de stân 65-73. Uteinlik waard it 83-90.

Aris makke in sterke comeback, mar Leiden wie krekt te sterk. De belangrykste spiler fan Aris wie Javier Duren mei 37 punten.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)