SP leit ûnder fjoer by debat oer ôfbou stipe oan tal klups

De SP yn Provinsjale Steaten lei woansdei bot ûnder fjoer by it debat oer de ôfbou fan subsydzjes oan tal maatskiplike organisaasjes. De partij sit sûnt ferline jier yn it kolleezje en moast in beslút ferdigenje dêr't se as opposysjepartij tsjin protestearje soene.
SP-er Jacob van der Hoek moast ferdigenje dat de provinsje de subsydzjerelaasje mei COC, FSU, Tûmba, Hoor Friesland en Zorgbelang Fryslân beëinigje wol. As de organisaasjes mei in goed plan komme, krije se noch oant heal 2018 in subsydzje, mar dêrnei is it echt dien.
Opposysjepartijen lykas PvdA, Grien Links en de Partij voor de Dieren binne dêr bot op tsjin. Se begripe boppedat ek net dat de SP de organisaasjes yn de kjeld stean lit.