CDA sjocht noch romte foar gruttere mûne Reduzum

Yn de provinsjale polityk is mooglik dochs romte foar de ferfanging fan de Redúster doarpsmûne troch in gruttere mûne. De provinsje hat dêr nee tsjin sein om't dat sa ôfpraat is yn it koälysjeakkoart tusken VVD, CDA, FNP en SP. Mar it CDA is ree om de nije mûne ta te stean as koälysjepartij FNP dat goed fynt.
Salang't dat net bart, folget deputearre Kielstra de besteande ôfspraken. As dat sa bliuwt, binne se yn Reduzum ree om mei har plan nei de Ried fan Steat te stappen.
Opposysjepartij PvdA yn provinsjale steaten fynt it eins net kinnen dat de provinsje gjin tastimming jout foar in plan mei safolle draachflak.