Stinzetún fan Martenastate yn Koarnjum is opknapt

De stinzetún by Martenastate yn Koarnjum is werombrocht yn âlde gloarje. In pear jier is wurke oan it opknappen fan de histoaryske tún. Dat hat 650.000 euro koste. De tún fan Martenastate is spesjaal om't der in soad stinzeplanten steane. Dy binne eartiids meinaam út it bûtenlân troch de bewenners fan de state.
Neist de tún binne ek de state, de wenten en de poarte opknapt.