Flaggen hingje tongersdei healstôk fanwege oanslaggen België
Op alle haadgebouwen fan it ryk hingje tongersdei de flaggen healstôk. Minister-presidint Rutte hat de flaggeynstruksje ynsteld yn ferbân mei de oanslaggen yn België om de slachtoffers te betinken. Gemeenten en provinsjes wurde frege om dizze ynstruksje te folgjen.