Harksifers fan Omrop Fryslân radio sitte yn de lift

23 mrt 2016 - 15:32

De groei fan de harksifers fan Omrop Fryslân radio set troch yn 2016. Dat docht bliken út de úkomsten fan it nijste Nationaal Luisteronderzoek. De harksifers sitte sûnt july 2015 yn de lift. Dy opgeande line hâldt ek yn de earste moannen fan dit jier oan.

Omrop Fryslân bliuwt fierwei merklieder yn Fryslân. Ferline jier maart is de programmearring op de radio oanpast. Neffens haadredakteur Klaas Geert Bakker docht út de sifers bliken dat dy feroarings wurdearre wurde.

Omrop Fryslân hopet de opgeande line fêst te hâlden, ûnder oare mei ferslach fan kommende grutte eveneminten as de Fytsalvestêdetocht, de Loftmachtdagen en de Slachtemaraton.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)