Havens ferwachtsje minder boaten troch ûnderhâld oan slûs

23 mrt 2016 - 15:25

Troch it ûnderhâld fan de slûs by Koarnwertersân kinne folle minder minsken de havens fan Skylge en Flylân berikke de kommende wiken. Dat seit de havenmaster fan Skylge. Se binne der net wiis mei dat no oan de slûs wurke wurdt, want mei de Peaskedagen komme tradisjoneel de earste boatsjeminsken wer nei de eilannen ta.

"Laten we hopen dat het werk aan de sluis op tijd klaar is want op 30 april gaat de meivakantie beginnen. Wanneer de sluis dan nog niet klaar is, gaat het ons nog meer omzet kosten," seit de havenmaster.

Minsken moatte omfarre fia Ljouwert of Den Oever om Skylge en Flylân te berikken. Fan moandei ôf is de slûs by Koarnwertersân net mear tagonglik mei de boat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)