Kollumers meie meiprate oer nije ynfolling 'De Colle'

23 mrt 2016 - 12:55

It bestjoer fan de Stichting Mienskipssintrum Kollum hâldt op freed 1 april in ynformaasjejûn oer de takomst fan De Colle. It eardere teater en mienskipssintrum moat in plakje krije yn de nijbou, dêr't ek de biblioteek en de skoallen Piter Jelles Impulse en it Lauwerskolleezje yn komme moatte.

Neffens de stichting is it fan grut belang om dúdlikheid te krijen oer de winsken fan de brûkers fan De Colle. Op dy wize kinne dy winsken meinaam wurde yn de bouplannen.

Trefwurden: 
De Colle Kollum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)