Oanslaggen yn Brussel liede net ta soad annulearrings

"Nei it terrorisme yn Parys hienen we folle mear lêst fan de gefolgen," seit Henk Sjollema fan ITS Reizen. Sy hawwe oant no ta ien reis ôfsein. Dat wie in West-Europa-toer nei Amsterdam en Brussel. Minsken kinne no kieze foar in trip nei Skandinaavje.
Paulusma Reizen is de ferfierder fan de studinten fan de NHL dy't tiisdei fêst sieten yn de Belgyske haadstêd. De reis is ôfbrutsen en de studinten binne yntusken weromkaam. Foar it wykein soe Paulusma Reizen it Pasveerkorps nei België bringe. Dy reis is ôfsein, lykas in skoalreis nei Namen.
Beide touroperators hawwe noch gjin yndividuele annulearrings krigen fan minsken dy't net mear op reis doare.