Glêsiel giet dit jier betiid troch fiskhevel by Roptasyl

23 mrt 2016 - 11:02
  • De fisk giet fia de fiskhevel nei swiet wetter
  • Studinten dogge ûndersyk by Roptasyl

De glêsiel dy't Fryslân fia de fiskhevel by Roptasyl ynkomt is dit jier folle earder as oars. De lytse iel dy't yn swiet wetter grut wurdt kin troch in spesjale ynstallaasje yn it gemaal by Swarte Haan en Roptasyl de polder ynswimme.

Rayonbehearder Sybold Krol hat noch gjin ferklerring foar de betide komst fan de glêsiel, mar seit wol dat de mylde winter ynfloed hawwe kin op de komst fan de glêsiel. De iel wurdt berne yn de Sargossasee yn de omkriten fan Meksiko.

Ein novimber waard it lêste stik pleatst fan in saneamde 'waaier' dy't it gemaal yn Roptasyl in stik fiskfreonliker makket. Wetterskip Fryslân hopet hjirmei de hin-en-wer-swimmerij fan de fisk tusken swiet en sâlt wetter no sa optimaal mooglik te hawwen.

Studinten 'Kust en Zeemanagement' fan it Van Hall Larenstein dogge op it stuit wiidweidich ûndersyk nei de effisjinsje fan de fiskmigraasje by Roptasyl en Swarte Haan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)