Kollum: "Grinzer SER"

23 mrt 2016 - 10:32
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Freeslike tastannen juster yn Belgie. It betsjutte dat justermoarn yn it saneamde krisisoerlis yn Den Haach de sifers foar de kommende septimberbegrutting al feroare binne. By definsje wurdt ferwachte dat it miljarden mear wurde sil, al tink ik dat dy ûnderseeboaten yn Molenbeek net safolle dwaan kinne. Mar ek de plysje sil der miljoenen by hawwe moatte. Se ha’t no hieltyd al oer ekstra maatregels, it kostet no dus ek al folle mear jild as begrutte wie. It falt te ferwachtsjen dat Nederlân polityk nije karren, keuzes, meitsje moatte sil. En ik moat earlik sizze, yn sa’n perioade sjoch ik altyd hiel erchtinkend nei alles wat der om ús hinne bart.

Sa kaam der moandeitejûn in berjocht binnen fan de SER Noord Nederland. Dat moat ik miskien efkes útlizze. Wy ha in nasjonale SER. Sociaal-Economische Raad. Dêr sitte ûndernimmers en fakbûnslju yn, en ek noch in pear hiele wize lju, leafst wat âlde politisy. Nijpels sit der fansels yn, mar ik koe Hermans net fine. Se prate polderjend om dêrnei advizen op ekonomysk mêd jaan te kinnen, mei yn achtnimming fan sosjale grinzen. Advizen oer wurk en jild. Se ha in tal jierren lyn ek in Noard-Nederlânske SER oprjochte. Dy docht itselde, mar by Swolle hâlde se op. As de grutte SER net noardliker sjocht, wit ik net. Yn de grutte SER sitte allegear fan dy jonges en famkes dy’t ik wolris yn foara of sprekbeurten sjoen en heard ha. Mar dy noardlike SER, dêr koe ik net ien fan. Inkel sjoen dat Renate Westdijk fan it MKB in Fryske adviseur is. Fierder bin it in pear Drinten en mear as tweintich Grinzers. Mar dat hiene je witte kinnen, alles dêr’t Noord yn stiet is ommers fan Grins.

Se ha in rapport makke. Ondergrond, kansen voor Noord-Nederland. Se melde dêryn dat se pilots starte wolle. Ja, da’s echte ûndernimmerstaal. Pilots. Dy't soargje moatte foar in oandiel yn de sirkulêre ekonomy. Da's al in swier wurd. Nimmen smookt mear of lêst in krante, mar sirkulêre ekonomy is it draaien fan sjekjes mei krantepapier. Pilots. Eksperiminten. No ja, we witte wol hoe’t it moat, mar it is net te beteljen. Geotermy. Waarmte út it djipste fan de ierde weihelje. Algetylt, mar de goede alch is noch net iens ûntwikkele. Ferfeaning, ja dat dogge we hjir al automatysk. Mar, en dan komt it, se wolle ek sjen nei it opslaan ûnder de grûn. Fan waarmte (wêrom helje we dat der dan earst wei?), fan wetterstof (wêrom moat we dat opslaan, it begjint echt wol wer te reinen), fan perslucht (en dan gatsjes yn de grûn slaan sadat it spuitet as in geiser en dan ha we krekt as Yslân der wille mei it toerisme fan) en sjoch, dan binne we der, fan CO2, in stof dy’t sa linkendewei deselde betsjutting hat as IS.

Se neame gas en sâlt net. Mar se begjinne wol mei in sintsje dat it hiele rapport wer ta jisketonnefoer makket. “We realiseren ons dat de ontwikkelingen met de gaswinning de kansen en mogelijkheden negatief beïnvloeden”.
Presys. We hawwe hjir hielendal gjin goed gefoel mear as de lju hjir yn de grûn oan it dollen binne. En we ha der hielendal gjin goed gefoel oer dat we de gatten yn ús ûndergrûn folstopje wolle mei ôffal dat se earne oars net ha wolle. Mar foar it regear en oaren dy’t ek witte dat der no 17 miljoen lju yn Nederlân tahâlde, is Fryslân noch in ridlik rom en frij lân, dat in moai ein fan Den Haach ôfleit. Se wolle dat spul hjir wol yn de grûn ha. Nee, net yn Grins, dat is al fersakke, dêr kin se te min kwyt.
We ha ús hjir yn Fryslân al grouwélich fersettten tsjin elke foarm fan opslach. Dus sjoch ik no hiel erchtinkend dat in echelon benammen Hollânske lju yn de noardlike SER no de opdracht fan it regear krige hat pilots op gong te bringen. Dy’t aanst miskien wol in goede útkomst ha. En dan sizze se “dan kin dat kearnôffal en oare rommel dêr de grûn ek wol yn”.
Erchtinkend. Gjin risiko. It rapport no daliks mar fuortdonderje."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)