Steaten begjinne mei minút stilte foar Brussel

23 mrt 2016 - 09:05

Provinsjale Steaten fan Fryslân begjinne har gearkomste woansdei mei in minút stilte. Neffens kommissaris fan de Kening John Jorritsma is it bedoeld as in symboal fan belutsenens by de slachtoffers fan de oanslaggen yn Brussel fan tiisdei. Dêrby kamen 35 minsken om it libben en rekken sa'n 260 minsken ferwûne.

Provinsjale Steaten prate woansdei ûnder oare oer krimp, de kultuernota en ûnderwiis en sport. Ek wurdt de jeugdkommissaris presintearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)