Fallite Aktiesport en Perry sport yn Ingelske hannen

Perry Sport © ANP
De fallite winkels fan Perry Sport en Aktiesport binne oernaam troch in Ingelsk bedriuw. Dat hawwe de kuratoaren woansdeitemoarn bekend makke. De oername betsjut net automatysk dat alle winkels yn de takomst iepen bliuwe. De nije eigener lit dat ôfhingje fan de prestaasjes fan de winkel en de ûnderhannelings mei de ferhierder.
Aktiesport hat njoggentjin fêstigingen yn Fryslân, Perry Sport twa. Yn it hiele lân wurkje der 2500 minsken by de winkels.