Plysjefrou Greet Elsinga fjochtet ûntslach oan

Justysje © Omrop Fryslân
Greet Elsinga fan it Harnzer resjerzjeburo Marple fjochtet woansdei foar de rjochtbank yn Assen har ûntslach by de Plysjekademy oan, sa meldt RTV Drenthe. Se waard yn 2014 ûntslein om't se net trochjûn hie dat se in partikulier resjerzjeburo hat. Mei dit buro die se yn 2014 fraude-ûndersyk foar de provinsje Drinte.
Oer dit ûndersyk ûntstie in soad opskuor, mei om't it buro telefoans ôfharke en gps-beakens ûnder auto's pleatste.