Ljouwerter ynbrekker op 'e die betrape troch bewenners

22 mrt 2016 - 22:18

Bewenners fan in hûs oan de Lorentzkade yn Ljouwert ha tiisdeitemiddei in ynbrekker op 'e die betrape, doe't se thúskamen. De man stie op in stoel by it keukensrút en woe syn earm nei binnen dwaan. Se fregen wat hy fan plan wie en seinen dat se de plysje belje soene. Dêrop naaide de man fuortendaliks út.

Troch in goed sinjalemint koe de plysje de fertochte gau oanhâlde. It giet om in 60-jierrige Ljouwerter dy't earder al ferskate kearen oppakt is foar stellerijen en ynbraken. De man sit fêst en de plysje docht fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)