Nijbouplan multyfunksjoneel sintrum yn Eanjum presintearre

22 mrt 2016 - 21:22
  • Presintaasje fan de organisaasjes dy't yn it nije multyfunksjonele sintrum komme

As alles goed giet, stiet der oer goed in jier in nagelnij multyfunksjoneel sintrum yn Eanjum. Doarpsbewenners krigen tiisdeitejûn alfêst in foarpriuwke fan it nije gebou en wat der allegearre ynkomt. It grutste part wurdt ynnommen troch kantoaren fan de NAM mei plak foar fyftich minsken. De NAM, dy't yn de omjouwing fan Eanjum nei gas boarret, betellet dan ek flink mei. Fierders komt der yn it gebou in húsdokter, fysioterapeut, pedikuere, in berne-opfang, de thússoarch en it doarpshûs.

Nijbou

It besteande doarpshûs soe earst ferboud wurde, mar doe't de NAM oanjoech ek yn it multyfunksjoneel sintrum te wollen mei in kantoar, koe der nijboud wurde. It gebou krijt de foarm fan in âlde skuorre en in âlde filla. Op dizze wize hoopje de arsjitekten wer in stikje doarpshistoarje op te bouwen en dat it âlde doarpsgesicht wer wat werom komt. Ek de omjouwing fan it nije multyfunksjonele sintrum sil oanpakt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)