Boat triuwt ponton mei steancaravans nei It Amelân

22 mrt 2016 - 21:00
  • De steancaravans wurde op de ponton hyst

Fakânsjepark Klein Vaarwater op It Amelân lit tsien steancaravans op in wol hiel bysûndere wize nei it eilân komme. De caravans wurde mei in ponton troch twa triuwboaten nei It Amelân brocht. Dizze wize fan transport waard betocht, om't de feardaam fan It Amelân tydlik net breed genôch is troch wurksumheden.

Moandeitemiddei waarden yn de Eemshaven de tsien caravans op de ponton laden. Tiisdeitemoarn is úteinset mei it transport oer de Waadsee nei It Amelân.

De parkmanager fan Klein Vaarwater, Hans van Houten, ferwachtet dat de ponton mei de caravans woansdei oankomt by de Ballumerbocht by it Waadeilân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)