Feroaringen yn vmbo-ûnderwiis sette skoallen ûnder druk

22 mrt 2016 - 19:43
  • CSG Comenius lokaasje Zamenhof

Troch feroaringen yn it vmbo-ûnderwiis steane it kommende skoaljier mooglik dosinten sûnder it goede foech foar de klasse. Lanlik jildt dat wol foar tûzenen leararen. Nei de simmerfakânsje stappe de measte vmbo-skoallen oer op nije profilen. Learlingen kinne dan noch mar út tsien fakkepakketten kieze en net út 33, sa't dat no noch it gefal is. Foar dosinten betsjut dat dat se byleare moatte en dêr leit krekt it probleem.

De VO-raad, de belange-organisaasje foar it fuortset ûnderwiis, seit dat skoallen te min jild en tiid ha om alle leararen foar 1 augustus klear te stomen foar de nije wurkwize.

Teamlieder Hilbrand Visser fan de vmbo-opliedingen fan Kristlike Skoallemienskip Comenius op de lokaasje Zamenhof yn Ljouwert seit dat benammen dosinten fan de lytsere skoallen net op 'e tiid klear binne. Comenius hat de saak wol foar 1 augustus op oarder, sa seit Visser.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)