Provinsje wol sels glêsfezel oanlizze litte yn doarpen

22 mrt 2016 - 14:17

De provinsje wol de oanlis fan glêsfezelkabels tenei sels oppakke. De oanlis fan it breedbânynternet moat oanpakt wurde lykas de oanlis fan diken. De provinsje jout bankgarânsjes ôf of finansieret de oanlis foar.

Neffens deputearre Sietske Poepjes is de oanlis no te djoer en yngewikkeld foar de doarpen. Bartlehiem sei in pear wiken lyn om dy reden de gearwurking op. Binnen trije wiken moat ûndersyk dúdlik meitsje oft dizze wurkwize oan de Europeeske regels foldocht, of dat sprake is fan steatsstipe.

Der binne noch 30.000 adressen yn benammen de bûtengebieten dêr't glêsfezel oanlein wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)