Finale BeNe-League UNIS Flyers-Herentals giet net troch

© Nicolien Sijtsema
De wedstriid fan de iishockeyers fan UNIS Flyers tsjin it Belgyske Herentals giet tiisdeitejûn net troch. Nei de terreuroanslaggen yn Brussel hawwe de bûnen en klups besletten de wedstriid te skrassen. Wannear't en wêr't de wedstriid wol spile wurdt, is noch net bekend. Dat wurdt yn de rin fan de middei dúdlik.
De Feanster Flyers en Herentals spylje om de finale yn de BeNe-League. Beide klups wûnen oant no ta ien wedstriid yn dizze 'bêste-fan-trije' finale.