Kollum: "Lilk en obsternaat"

22 mrt 2016 - 08:33

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Dit is in kollum dy’t ik net skriuwe wollen hie. Omdat it my lilk en obsternaat makket. Omdat it my in gefoel fan machteleazens jout. En omdat it it ôfsluten fan in perioade is. Mear spesifyk: in perioade fan 28 jier sels baas wêzen.

Hjoed krekt in wike lyn hat de Omrop syn selsstannigens ferlern. De nije Mediawet fan steatssekretaris Dekker is oannommen, en dat betsjut dat Omrop Fryslân ferdwynt yn de RPO. Dy RPO moat 17 miljoen besunigje. Op 1 jannewaris 2016 hie dat al in feit wêze moatten, mar Dekker is sa goedgeunstich en jout in healjier útstel. Sterker: hy jout 8,5 miljoen ekstra foar saneamde ‘friksjekosten’, kosten dy’t makke wurde foar de reorganisaasje.

Troch sa’n achteleaze opmerking skoffelje ik al in wike mei de broek op de ankels troch it libben. Want ik bedoel mar: ast dy 8,5 miljoen fan dy 17 miljoen besunigingen ôflûkst, bliuwt der 8,5 miljoen oer dy’t de RPO besunigje moat. Der binne 13 omroppen, dus ynstee fan 1.3 miljoen per omrop besunigje, soe dat útkomme op 7,5 ton. In hiel oar bedrach. In hiele protte banen ekstra dy’t behâlden wurden koene.

Ik wol it op dit plak net oer de needsaak fan besunigingen en it ynfoljen dêrfan ha. Dekker is in VVD’er, en hoe’t de VVD oer kultuer tinkt is sûnt Halbe Zijlstra pynlik dúdlik wurden. Dat wat no mei Omrop Fryslân bard is, hjit kulturele assimilaasje, it opgean fan in minderheidsgroep yn in gruttere mienskip of kultuer. Mei fan gefolgen –op termyn- it ferlies fan ûnderskiedende skaaimerken, lykas taal en tradysje. Dat proses fan assimilaasje is oars al in skoft oan ’e gong. Tink bygelyks oan it opheffen fan de provinsje, de plannen foar it opgean yn in grutter lânsdiel. Assimilaasje yn syn meast flagrante foarm.

Dat soks noch hieltyd op de planning stiet docht bliken út in reaksje fan minister Jet Bussemaker op it kulturele konvenant We the North, dy’t se stjoert oan de ‘Bestuurders cultuur landsdeel Noord.’ Neffens Bussemaker is de assimilaasje fan Fryslân al in gegeven. En wat te tinken fan it ferbod foar meiwurkers fan de belestingtelefoan om Frysk te praten? Ek al binne beide partijen Frysktalich? Soks is in ynterne regel fan it oerheidsorgaan.

Deselde oerheid dy’t foar de rjochten fan Fryslân en it Frysk stean moat. Dan wol ik it noch net iens ha oer de aksje fan it ministearje fan Ekonomyske Saken, dat it bûn fan fûgelwachters in twangsom foar aaisykjen oplizze wol, oant in maksimum fan 15.000 euro. Sûnder ek mar in grissel begryp fan de feitlike sitewaasje te hawwen. Wêr bemuoie se harren mei?

Mar werom nei de Omrop. De selsstannigens is fuort, mar de RPO hat wol in Fryske mediaried mei advysrjocht krigen. Hoewol’t senator ten Hoeve syn bêst dien hat, wie dat foarstel in prachtige flechtrûte foar Sander Dekker. Dy mediaried hat ommers gjin inkeld foech, se meie allinne advys jaan oer saken dy’t der net ta dogge. En dan noch, wat bart der mei advys? Tankewol sizze en oan de kant lizze. Dy mediaried is net allinne bakte lucht, mar in streekrjochte mislediging foar alles dat Frysk is.

Ik bin lilk, ja, en obsternaat. Om dat wat der bart. En omdat it allegear sûnder slach of stjit giet. It hat derfan dat wy ús as in bist nei de slachtbank liede litte. En dêr kin ik no ienris frekte min oer.

De kollum dy’t ik net skriuwe woe is langer wurden as gewoanwei. Nim it my net kwea-ôf."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)