Hofkersbedriuwen komme mei alternatyf foar Huis en Tuin

22 mrt 2016 - 08:22

Acht hofkersbedriuwen organisearje sels in alternatyf foar de beurs Huis en Tuin. De túnbeurs wie alle jierren yn it WTC yn Ljouwert, mar giet dit jier net troch. Der wienen net genôch eksposanten. De hofkers bouwe no yn gearwurking mei Steenhandel Boonstra sels in lytse beurs op yn Noardburgum.

De bedriuwen binne dizze wike drok dwaande mei de oanlis fan foarbyldtunen. It peaskewykein giet de miny-beurs iepen. De tunen binne dan trije dagen lang te sjen foar publyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)