Tal nontsjesskulpen yn de Waadsee nimt bot ta

© Omop Fryslân, Timo Jepkema
It oantal nontjesskulpen yn de Waadsee is bot tanaam sûnt de fiskerij yn it gebiet oan bannen lein is. De skulpen kinne harren better yngrave no't de boaiem net langer fersteurd wurdt troch de fiskerij. Dêrtroch rinne se minder risiko dat se troch oare bisten opfretten wurde.
Jierrenlang waard tocht dat de stân fan de skulpen weromrûn fanwege de opwaarming fan de Waadsee, mar nei ûndersyk troch biologe Tanya Compton en it NIOZ instituut docht no oars bliken. Dit ûndersyk toant oan dat de kondysje fan de boaiem fan de Waadsee goed is.
Compton die sûnt 1997 ûndersyk.