Undernimmers: "Toeristysk Fryslân rekket online achterop"

Toeristysk Fryslân driget online achterop te reitsjen troch de problemen by Merk Fryslân. Dat sizze toeristyske ûndernimmers yn Noardeast-Fryslân. Moandei kamen se by-inoar op in spesjale foldermerk. Der koene se inoars folders besjen en meinimme en waard it nije toeristyske magazine foar de regio presintearre.
It leafst hiene de ûndernimmers ek in webside en app lansearre, mar neffens foarsitter Fokko Eybergen fan de Stifting Regiomarketing Toerisme is dat net fan de grûn kaam trochdat Merk Fryslân it net bolwurkje koe.
Eybergen tinkt dat dat ûnder oare komt troch de rappe wikselingen fan nije direkteuren yn de ôfrûne twa jier. Ek hat der by de relatyf lytse organisaasje in soad sykte west. De regio Noardeast-Fryslân wol no besykje mei in eigen toeristyske webside te kommen. In app is foarearst te djoer.