Gemeenteried Ljouwert stipet hegere wynmûne Reduzum

21 mrt 2016 - 22:12

It plan fan it doarp Reduzum foar in nije doarpsmûne kin rekkenje op de waarme stipe fan de Ljouwerter gemeenteried. In mearderheid fan de ried joech wethâlder Isabelle Diks moandei de opdracht om mei de provinsje Fryslân te regeljen dat der in nije doarpsmûne komme kin dy't mei 45 meter 9 meter heger wurdt as de besteande mûne.

De provinsje Fryslân wol mei it nije wynmûnebelied krekt ôf fan losse doarpsmûnen, mar wethâlder Diks wol har dêr net by dellizze. "Deze molen kan Reduzum energieneutraal maken. Dat is een unieke kans."

De provinsje wol yn prinsipe allinnich wynmûnen tastean yn dêrfoar oanwiisde gebieten, lykas de Iselmar en de kop fan de Ofslútdyk. Op oare plakken mei in eventuele mûne net heger wurde as in foarskreaune hichte. "Ik kan het niet verkopen dat zo'n unieke molen moet verdwijnen vanwege een getal in een coalitie-akkoord. Ik ga daarom een open gesprek aan met de provincie", sei de wethâlder.

FNP stimt tsjin de doarpsmûne

De FNP en de VVD stimden tsjin de moasje foar de wynmûne. Dizze partijen wize der op dat it wynmûnebelied it foech fan de provinsje is en net fan de gemeente. Ek fine FNP en VVD it mar apart dat it CDA yn de ried fan Ljouwert op dit punt yngiet tsjin it belied fan it CDA yn provinsjale steaten. Wyb Feddema fan de NLP pleitte foar it ûndersykjen fan alternativen, lykas in doarpssinnepark yn plak fan in doarpsmûne, mar dêr krige hy fan de oare partijen net folle stipe foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)