Wa wol nei Herentals foar in iishockeywedstriid?

© Nicolien Sijtsema
Der is noch hieltyd plak foar supporters fan UNIS Flyers yn de fergeze bussen dy't Supporters Vereniging Friesland Flyers (SVFF) ride lit nei de wedstriid fan tiisdeitejûn. Dat lit de SVFF witte op twitter. De Flyers spylje út tsjin HYC Herentals yn België. As de Flyers de wedstriid winne, binne de nasjonale kampioenen ek kampioen fan de BeNe liga.
It SVFF soe earst ien bus ôfreizgje litte by Thialf wei. Omdat der safolle minsken meiride woene, is besletten om in twadde bus beskikber te stellen.
De busreis is fergees. De bus giet om 15.00 oere middeis fuort fan Thialf. Herentals leit op sa'n 275 kilometer fan It Hearrenfean. Lês mear oer de wedstriid op de site fan de UNIS Flyers.