Wrâldtitel Sifan Hassan hat Frysk rantsje

21 mrt 2016 - 20:05
  • Sifan Hassan yn har tiid by Lionitas

Sifan Hassan wûn ôfrûne sneon troch in izersterk optreden yn Portland har alderearste wrâldtitel op de 1500 meter. En dy gouden medalje hat in Frysk rantsje, want Hassan begûn har hurdrinkarriêre op de ateletykbaan fan Ljouwert. Sifan Hassan wie flechte út Etiopie en by de Ljouwerter atletykferiening Leonitas begûn se as 15-jierrich famke mei hurdrinnen.

By Leonitas fûn se ek Yke Schouwstra. Sy wie har trainer en de frou dy't har op wei holp yn Nederlân. Schouwstra is grutsk en bliid ferrast troch de prestaasje fan Hassan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)