Fideo: de dwerslesy fan Milou Bosscher

21 mrt 2016 - 19:36

Milou Bosscher wie in absolút turntalint. Sy trainde 18 oere yn 'e wike en die mei oan de Nederlânske kampioenskippen. Mar yn desimber gie it mis, doe’t sy op it NK trampolinespringen mei in sprong op har nekke telâne kaam. De dokters konkludearren in folsleine dwerslesy.

Yn in reportaazje geane wy werom nei de dei fan it ûngelok. Oan tafel sit Harry Bosscher, de heit fan Milou. Hoe giet it no mei har?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)