Omrin: "Helte minder ôffal yn grize kontener yn 2020"

21 mrt 2016 - 18:19

Friezen moatte oer fjouwer jier de helte minder ôffal yn de grize kontener goaie. Om dat foarinoar te krijen giet tiisdei yn hast alle Fryske gemeenten in grutte kampanje fan start om minsken har ôffal better skiede te litten. Sa kriget elkenien in stikker om op de grize kontener te plakken dêr't op stiet wat der wol en net yn mei.

Ek kriget de grize kontener in nije namme. Fan tiisdei ôf is dat de 'sortiebak'. Yn dy bak mei tenei allinnich blik, plestik en oar restôffal dat echt net yn de griene kontener of de papierbak kin.

Sa moat it restôffal foar in trochsneed Fries wer werom fan 200 kilo nei 100 kilo it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)