Happe foar goed doel yn Ljouwerter Happietaria

Ljouwert hat wer in nij restaurant ûnder de namme Happietaria. It giet om in saneamd Pop-Uprestaurant, dat mar fjirtjin dagen iepen is. Boargemaster Crone iepene it restaurant moandei yn it eardere teater en poppoadium Romein.
Studinten fan ferskate studinteferienings runne de saak. De opbringsten binne foar in projekt fan stifting ZOA. It jild sil brûkt wurde foar in wetterprojekt by in skoalle yn Boerûndy. Op 1 april slút dit tydlike restaurant wer de doarren.